Wommels bliid mei 12 hierwenten op it plak fan de âlde biblioteek

25 feb 2020 - 08:11

Yn Wommels komme tolve duorsume sosjale hierwenten yn it projekt: 't Nije Bosk. Dy wenten komme yn de âlde biblioteek en se krije sinnepanielen en waarmtepompen mei flierferwaarming. It bouprojekt hat stipe fan it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE) en de wenten moatte yn de simmer klear wêze.

Sa moat ‘t Nije Bosk der út komme te sjen - Foto: ‘t Nije Bosk

Paul Meijlis fan doarpsbelang Wommels is tige wiis mei 't Nije Bosk. "Wy binne as doarpsbelang wiis mei dizze inisjativen. Wy wiene ek al jierren mei de eardere gemeente Littenseradiel yn petear: hoe kinne wy de jongerein wat biede? En op in betelbere wize. Dit soarte dingen: betelbere, lytse wenienheden der is ferlet fan. Der binne de lêste jierren wat grutte gebouwen frijkaam. Dêr hawwe wy as doarpsbelang wol soargen oer hân: wat sil dêrmei barre? Yn de maitiid fan 2019 hawwe wy in grutte enkête holden ûnder jongerein om te sjen oft der ferlet is fan betelbere wenromte. Sa is dit plan ûntstien. Doarpsbelang bout net, mar in gemeente moat der as eigener wol wat goeds mei dwaan. Der barre hjir goeie dingen."

Enerzjykosten

Projektûntwikkelder Martin de Maa: "Energie-neutraal en zorgeloos wonen is heel goed is. In 2030 moeten er al 2 miljoen bestaande woningen van het gas af hebben. In 2050 willen we in heel Nederland energie-neutraal zijn. Dit is niet alleen goed voor het milieu, maar ook voor de portemonnee. Als het goed is hebben de toekomstige bewoners een woning waar ze hoegenaamd geen energiekosten hebben."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn Wommels

Wenten bínnen it doarp

De Maa leit út hoe't it idee ûntstie. "Het is natuurlijk altijd mooi om wat te doen met een leegstand pand. Vorig jaar kwam een een woononderzoek-rapport uit van adviesbureau Companen in opdracht van Súdwest-Fryslân, daar kwam uit dat de gemeente moet 'inbreiden.' Dus geen woningen buiten de dorpskern, maar met name ín de dorpskern. Ook om ervoor te zorgen dat jongeren niet wegtrekken naar de stad. Daarom hebben we hier iets willen creëren dat betaalbaar is. Hier komen huurwoningen onder de sociale huurgrens, dat betekent dus ongeveer rond de 625 tot 700 euro per maand. Ook kwam er duidelijk uit naar voren dat senioren van boven de 75 uit hun huis willen, ook voor die mensen kan dit een toekomstbestendige woning zijn. Gelijkvloers en duurzaam, met een tuintje buiten."

Projektûntwikkelder Jaap Hoekstra: "It betsjut dat de wenten enerzjyneutraal binne. Wy dogge oan ynwreidzjen yn de frije romte, de romte dy't der is, wurdt op 'e nij brûkt. Boppedat kinne je lang yn de wente bliuwe.

Hoe sjocht it der op dit stuit út?

(advertinsje)
(advertinsje)