Wat kinst sels dwaan om besmetting mei it coronafirus foar te kommen?

25 feb 2020 - 07:37

Al wikenlang is it coronafirus it grutste nijs yn de sjoernaals. En no komt it firus ek hieltyd tichterby Nederlân. Yn Italië wurde sels hiele stêden ôfsluten om fersprieding foar te kommen. Mar wat binne no de 'do's en don'ts' mei it coronavirus? Fiif tips om om te gean mei it firus wannear't it ús lân berikt.

Foto: ANP

1. In mûlekapke

De meast bekende opsje om dysels te beskermjen is fansels it mûlekapke. Dit kinst op dwaan ast dysels beskermje wolst tsjin it firus. "Zo'n mondkapje draag je eigenlijk alleen omdat je wil voorkomen dat iemand de verkeerde lucht in- en uitademt", leit Anne-Marie van Elsacker fan Izore út.

Mar wêr moatte je omtinke as je sa'n kapke oanskaffe? "Als ze niet goed aansluiten beschermen ze niet goed, dan kun je alsnog het virus binnenkrijgen", seit Van Elsacker út. "Ook als je hem te lang op hebt, wordt hij vochtig en verliest hij zijn beschermende waarde."

Goed op de foarm lette dus, en it kapke sa no en dan wikselje.

2. Plakken

Mocht it coronafirus yndie yn Nederlân om him hinne gripe, dan is it tûk om plakken dêr't in soad minsken by inoar komme te ûntwiken. Dêr hast nammentlik in gruttere kâns dat der in persoan tusken sit dy't it firus by him hat.

Plakken dy't gefaarlik wêze kinne binne bygelyks it iepenbier ferfier, of konserten. "Ik denk dat het heel erg afhankelijk is van waar het is en hoe ziek de mensen zijn", fertelt Linda Verhagen fan GGD Fryslân.

Hânnen waskje - Foto: Shutterstock.com

3. Hygiëne

Neffens Verhagen hoege je net hystearysk alles ekstreem goed skjin te meitsjen. Gewoan hânwaskje mei wetter en sjippe al goed genôch. "Goede handhygiëne toepassen, echt goed wassen. Dan is dat in de praktijk vaak voldoende om de meeste virussen en bactieriën kwijt te raken. En als je dat niet bij je hebt moet je de goeie handengel gebruiken om dat te doden." En dan kinst it bêste de profesjonele hângels brûke.

Mar net allinnich goed hânwaskje is wichtich. Hygiëne yn it hoastjen moast ek om tinke. "Dat je er bewust van bent dat je een wolk met kleine druppeltjes uitstoot die je niet ziet, maar waar het virus wel in aanwezig is. Zulke druppelwolkjes kunnen door een ander worden ingeademd", fertelt Van Elsacker.

"Dus moet jij zorgen dat die druppels geen kant op kunnen en dat doe je door te hoesten in jouw elleboogplooi. Dan zit het virus nog wel op jouw huid of kleding, maar daar sterft het vrij snel af."

Het blijkt niet dat de overdracht plaatsvindt via voedsel.

Linda Verhagen, GGD Fryslân
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

4. Iten en drinken

Goed nijs wat de supermerk oanbelanget, want yn feite kinst alles noch gewoan ite en drinke. "Alles wat je gewoon in de supermarkt koopt, ook al heeft iemand daar met corona aan zijn vingers aangezeten, kun je nog gewoon nuttigen. Het virus overleeft maar heel kort in de buitenwereld", seit Van Elsacker.

It op grutte skaal ynslaan fan iten en drinken is net nedich. "Het blijkt niet dat de overdracht plaatsvindt via voedsel, maar echt van mens tot mens. Dus we verwachten niet dat je daar extra maatregelen voor moet treffen", fertelt Verhagen.

5. Fitaminen

As wy tinke oan de gryp, dan is al gau de gedachte dat je ekstra fitaminen, lykas sinesappels, ite moatte om sûn te bliuwen. Dat is foar it coronafirus net oars.

Fitamines binne altyd goed om ta dy te nimmen, sa seit de GGD. "Het blijkt dat als je gezond eet, dat je voldoende vitamines binnenkrijgt. Als je denkt dat je dat niet doet, is het altijd goed om vitamines aan te vullen. Dat is iets wat iedereen individueel op zijn eigen manier kan invullen", fynt Verhagen.

Trefwurden: 
besmetting coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)