De earste Fryske biologyske weetbôle: swiet en sêdsum

25 feb 2020 - 07:25

Herman van Vliet fan LekkereTrek set him al jierren yn foar lokale produkten en koarte ôfstannen tusken it meitsjen en ferkeapjen fan it iten. Earder kaam hy mei it pompeblêdbroadsje en kneppelbôle, mar tiisdei wurdt de earste Fryske weetbôle presintearre. De bôle is ferboud, mealle en bakt yn it noarden.

De weetbôle - Foto: LekkereTrek

Van Vliet leit út dat it der eins noch net wie. "It is sa dat biologyske weet oant no ta eins net ferboud waard yn it noarden. De grins leit sa'n bytsje by de grutte rivieren. Dêr boppe is de kwaliteit net goed. Dat komt eins troch it fakmanskip fan de boer. By biologysk meie je gjin stikstof brûke en keunstdong, en dizze boer, Piet Sipma fan Ingwierrum, hat tegearre mei weet ek wite klaver ferboud. Dy jout dus stikstof ôf op it momint dat dy ieren foarme wurde. Dat jout in goeie proteïne, en dat hawwe je nedich foar goede bakweet."

Presintaasje op provinsjehûs

It is wol in gearwurking tusken ferskate partijen. "It idee om der bôle fan te meitsjen komt by my wei, mar it fakmanskip fan ûnder oaren boer Piet en de mûnder Cees Noteboom fan molen 't Lam yn Wâldsein. Wy binne al sa'n twa jier dwaande. Earst ferbouwe, dan kontrolearje oft de kwaliteit goed is. En ek soargje foar ôfset. Dat is no regele. En hjoed is de earste symbolyske bôle foar de kommissaris fan de Kening. Om healwei ienen sil dat op it provinsjehûs barre mei deputearre Poepjes. Dy is ek sljocht op bôle, dus dan sille wy it oanbiede."

En hoe sit it mei de smaak? "It is echt hearlik. It smakket ek echt wol oars. It is in reesbôle, dus it proses is folle langer. Der komt in swietens út de weetkerrel. It is echt in bytsje swiet. It is ek tige sêdsum, twa plakjes is genôch."

Herman van Vliet fan LekkereTrek

(advertinsje)
(advertinsje)