D66 Eaststellingwerf: moasje fan wantrouwen fanwege Biosintrum

25 feb 2020 - 08:12

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf hat jierren stiifsinnich folholden oan in 'oerdúdlik ûnrealistyske' prognoaze fan de finansjele resultaten fan it Biosintrum yn Easterwâlde. Hy hat boppedat sifers dêr't om frege waard efterholden, of te let oan de ried beskikber steld. Dêrom sil D66-fraksjefoarsitter Tammo Munting in moasje fan wantrouwen yntsjinje.

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf - Foto: Gemeente Eaststellingwerf

Dy moasje sil it lykwols net helje om't der net genôch stipe is, mar der komme ek oare moasjes op tafel dy't nei alle gedachten op mear stipe rekkenje kinne.

Munting fan D66 is der dúdlik oer: "Men houdt informatie achter. Dan kun je zeggen: je zou het hele college moeten wantrouwen. Maar de burgemeester is de initiator van het project en was de portefeuillehouder. Hij is ook begonnen met het achterhouden van informatie. Ik denk dat we dat moeten uitspreken: dat we geen vertrouwen meer kunnen hebben in deze burgemeester."

Boargemaster portefúljehâlder

De boargemaster kin lykwols net samar fuortstjoerd wurde troch in riedslid, hy is troch de kroan beneamd. "Maar hij was in dit geval wel portefeuillehouder. Dat is riskant als burgemeester, je blijft niet politiek neutraal. En als je dan ook nog informatie gaat achterhouden. In een commissievergadering zei Sierd van Weperen van de VVD: 'Er zijn wel eens wethouders voor minder weggestuurd.'"

'Wij vinden de motie te zwaar'

Dochs krijt Munting gjin stipe fan VVD-fraksjefoarsitter Jakob Baar: "Wij zijn niet blij met deze situatie, maar we zijn er ook niet op uit om de boel te laten ploffen. Er zijn fouten gemaakt, maar ook excuses aangeboden. Ik begrijp D66 met de motie, maar wij vinden hem te zwaar. Er zijn echt punten in het dossier die echt anders hadden gekund en gemoeten. Zoals het er nu uit ziet, vinden wij het te zwaar."

Munting fynt it spitich dat hy gjin stipe krijt. "Maar ik denk wel dat het voor de burgemeester een erg lastige situatie wordt. Omdat hij ook nog altijd andere posten in de portefeuille heeft. Ik kan hem niet meer vertrouwen. Ik ga wel álles navragen. Dat is niet altijd aangenaam. Ik vind het een aardige vent, maar je moet geen informatie achterhouden. Ik ben uiteindelijk met twintig anderen wel z'n baas."

Tammo Munting en Jakob Baar

(advertinsje)
(advertinsje)