Tenei in elektryske strânrolstoel beskikber op It Amelân

25 feb 2020 - 06:07

It Amelân krijt foar it kommende simmerseizoen in elektryske strânrolstoel. Dêrmei kinne minsken mei in beheining selsstannich it strân op ride. De stoel wurdt stasjonearre yn strânhotel Buren aan Zee.

Foto: Wikimedia Commons

Op it eilân binne al wol strânrolstuollen mei dikke bannen, mar de brûker hat dan noch wol ien nedich om te triuwen. It Amelân hat it idee fan Seelân, dêr't al ferskate strânrolstuollen binne.

(advertinsje)
(advertinsje)