Dyk ticht troch wetteroerlêst by knooppunt De Jouwer

24 feb 2020 - 22:48

Der is wetteroerlêst op de ferbiningswei by knooppunt De Jouwer (A6) rjochting Snits (A7). Dat meldt Rykswettersteat op Twitter.

Fanwege de wetteroerlêst is de dyk sletten en dat bliuwt de kommende oeren ek noch sa. Ferkear dat oer De Jouwer nei Snits moat, wurdt oanret om te kearen by ôfrit De Jouwer op de A7.

Pier Schaper fan Wetterskip Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)