Bumperkleevjende bestjoerder rydt fiersten te hurd yn flinke rein

24 feb 2020 - 22:37

Op de A7 by It Hearrenfean is moandeitemiddei in bestjoerder bekeurd foar te hurd riden en bumperkleevjen. De bestjoerder ried gemiddeld mear as 160 kilometer de oere, wylst it ek noch ris hurd reinde.

Foto: Plysje, Team Verkeer Noord-Nederland

Elke kear as in foarlizzer op de linker rydstripe foar him ried, gie de bestjoerder fan de bestelbus dêr fiersten te deun achter riden.

Team Verkeer Noord-Nederland warskôget foar sok rydgedrach. "Houd alsjeblieft afstand! Denk aan de 2-secondenregel!" De man is op 'e bon slingere foar sawol it te hurd riden as it bumperkleevjen.

(advertinsje)
(advertinsje)