Westerkwartier freget opheldering fan NAM nei ierdbeving Opende

It kolleezje fan de gemeente Westerkwartier freget de NAM (Nederlandse Aardolie Maatschappij) om opheldering nei de ierdbeving sneontejûn by de Grinzer Pein, tsjin de Fryske grins oan. It gie om in ierdbeving fan 1,4 op de skaal fan Richter. De Grinzer Pein leit krekt bûten in ierdgasgebiet. Wol lizze dêr flakby yn Fryslân in tal lytsere gasfjilden.
© Shutterstock
Wethâlder Hielke Westra: "Ik wil van de NAM weten waardoor deze beving is ontstaan." De ierdskodding wie op in djipte fan trije kilometer. Dat is gebrûklik by in ierdbeving fanwege gaswinning. "Het lijkt aannemelijk dat de beving te maken heeft met gaswinning uit onderliggend gasveld."
De ierdbeving wie net fier fan Surhústerfean en de Grinzer gemeente Westerkwartier stiet dan ek yn kontakt mei de Fryske buorgemeenten. Der hat twa kear earder in ierdskoddig west yn dat gebiet: yn 1999 en yn 2003. Yn it gebiet komme wol ierdtrillings foar, mar minder faak as yn Grinslân.