Wetterskip Fryslân: grûnwetter yntusken wer aardich op peil

24 feb 2020 - 21:28

It liket wol oft it net mear ophâldt mei reinen de ôfrûne wiken. It is eins hast net mear foar te stellen Fryslân de ôfrûne twa jier sa bot lêst hie fan 'e drûchte. It wie sels sa drûch dat sein waard dat it in hiel skoft duorje soe foardat der wer genôch reinwetter falle soe om dy drûchte te ferhelpen. Mar neffens Wetterskip Fryslân is it grûnwetter yntusken wer aardich op peil.

Foto: Omrop Fryslân

"We stean der goed foar. It wetter fan boppe hat derfoar soarge dat it wer wiet is. Ek op de djippere ûndergrûn, de sângrûn is it wer normalisearre", seit Henk Flikkema fan it Wetterskip. Fryslân hie de ôfrûne twa jier bot te lijen ûnder de hege temperatueren: sa wie der in bereiningsferbod ynsteld, moasten diken ekstra kontrolearre wurde en wie de wetterstân yn rivieren te leech foar de binnenfeart. Ek wie der op guon plakken in smook- en stookferbod.

Goede grûnwetterbuffer

Neffens Flikkema is der wer in goede grûnwetterbuffer foar it kommende groeiseizoen. Mar: "As it nei de kommende wiken wer drûger wurdt, sil dy grûnwetterstân wer ûnderút sakje. Dus we moatte wol nei de langere termyn sjen. Hoe langer it drûch bliuwt, hoe mear problemen je letter wer krije kinne."

Dat de rein no mei bakken út de loft falt, moat elkenien mar bliid mei wêze, neffens Flikkema. "Ik snap dat minsken it hiel ferfelend fine en ek dat de boeren der op it lân lêst fan hawwe, mar we hawwe dit wetter nedich om it ek yn drûge perioades te brûken."

Heech wetter yn Hylpen - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It is net sa dat der no wer genôch wetter is foar takomstige drûchte. Eins soe der foar mooglike folgjende drûge perioades noch mear wetter opslein wurde moatte, mar dat is sa maklik noch net. "Dat binne saken foar de lange termyn. Dat hat ek gefolgen foar de ynrjochting, want as je wetter bufferje wolle, moatte je ek romte hawwe om it wetter fêsthâlde te kinnen."

Neffens Flikkema binne dat binne saken dy't in soad tiid kostje en dy't yn oerlis mei de streek barre moatte. Dêrneist kin it wetter allinnich mar lokaal opslein wurde en smyt it allinnich wat op foar de direkte omjouwing. "It is bêst wol in yngewikkeld trajekt om dat út te plúzjen. Mar ús opdracht is no om mei goede plannen foar de takomst te kommen."

Henk Flikkema fan Wetterskip Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)