Tjeerd van der Zwan opnij foardroegen as boargemaster fan It Hearrenfean

24 feb 2020 - 20:24

Boargemaster Tjeerd van der Zwan mei oanbliuwe as boargemaster fan de gemeente It Hearrenfean. Yn oktober tsjinne Van der Zwan (PvdA) in fersyk yn foar werbeneaming. De gemeenteried hat moandeitejûn besletten him oan te befeljen foar werbeneaming.

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan It Hearrenfean - Foto: Gemeente Heerenveen

Van der Zwan wie fan 2007 oant en mei 2011 boargemaster fan Achtkarspelen en sûnt 2011 boargemaster fan It Hearrenfean. Healwei dit jier rint syn amtstermyn ôf, mar hy joech oan graach werbeneamd te wurden. Yn it neijier waard de proseduere dêrfoar yn wurking setten.

De oanbefelling is taret troch tsien fraksjefoarsitters yn in fertrouwenskommisje en is fêststeld yn in besletten gearkomste fan de gemeenteried. By de iepenbiere gearkomste moandei makke Wanda Ottens it nijs út namme fan de gemeenteried bekend.

Foto: Gemeente Heerenveen

"Zichtbaar, aanspreekbaar en toegankelijk"

"De heer Van der Zwan wordt als burgemeester gewaardeerd door inwoners: hij is zichtbaar, aanspreekbaar en toegankelijk. De uitstraling van de burgemeester naar buiten is plezierig", motivearre Ottens de herbeneaming.

Der soe in soad wurdearring wêze foar syn rol as foarsitter fan de ried en it kolleezje en as oanjeier fan fernijende prosessen. "De gemeente Heerenveen is gebaat bij de continuïteit en stabiliteit van een burgemeester als de heer Van der Zwan. Hij is betrokken en zet zich vol energie in voor onze gemeente."

(advertinsje)
(advertinsje)