Nij Frysk aksjeplan tsjin húslik geweld en bernemishanneling

24 feb 2020 - 19:18

In nije oanpak moat derfoar soargje dat alle foarmen fan húslik geweld yn Fryslân earder melden en oplost wurde. It giet dan ûnder oare om bernemishanneling, seksueel geweld en mishanneling fan âlderein. It aksjeplan 'Een duurzame aanpak van geweld in afhankelijkheidsrelaties' is opsteld yn opdracht fan de Fryske gemeenten.

Foto: Shutterstock.com

Yn Fryslân waarden yn 2018 goed 3.500 meldingen dien fan al dizze foarmen fan húslik geweld of geweld yn it ôfhinklikensrelaasje. Lanlik krijt 1 op de 30 bern te krijen mei húslik geweld. By folwoeksenen wurdt 1 op de 30 minsken yn in tiidsbestek fan fiif jier slachtoffer fan seksueel of húslik geweld. Ut it Ryk wei is der projektjild beskikber steld foar it nije aksjeplan.

Om de problemen earder op it spoar te kommen, wolle de gemeenten de kommende tiid ynsette op bettere oplieding fan de helpferlieners en it ferleegjen fan de drompel foar slachtoffers en tsjûgen om help te freegjen.

Foarkomme fan werhelling

Dêrneist is it de bedoeling dat der ekstra ynsetten wurdt op it foarkommen fan werhelling fan de problemen yn famyljes dy't al earder holpen binne. "In soad fan ús meldingen komme fan de plysje", leit wethâlder Hilde Tjeerdema út. "Dan is it faak sa dat deselde melding in healjier letter wer binnenkomt. Dat betsjut dat der neat feroare is of dat deselde problemen wer opspylje."

Neffens Tjeerdema is der dêrom in duorsume oanpak nedich. "Us ûnderfining is dat it it bêste wurket ast ferskillende professionals om sa'n famylje hinne by elkoar bringst." Sa kinne der oplossings fûn wurde foar de lange termyn.

Kwetsbere groepen

Boppedat sil der yn de nije oanpak ekstra omtinken komme foar kwetsbere groepen, lykas minsken mei in ferstanlike beheining en slachtoffers fan sexting (it ferstjoeren fan seksuele berjochten of foto's fan dysels) en grooming (wannear't in dieder it fertrouwen fan ien wint mei it doel om dy persoan te misbrûken).

Wethâlder Hilde Tjeerdema oer hoe grut it probleem yn Fryslân eins is

(advertinsje)
(advertinsje)