Earste riedsplein Opsterlân giet net troch

24 feb 2020 - 19:10

It earste saneamde riedsplein fan Opsterlân giet net troch. Foarôfgeand oan de riedsgearkomste soe de gemeente moandeitejûn ûnder de namme 'Wolkom yn 'e lobby' in nije ynringearkomste foar boargers hâlde. Doel wie dat ynwenners plannen en fragen foarlizze koene oan de njoggen riedsfraksjes.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Der wiene lykwols gjin oanmeldingen fan belangstellenden binnenkaam. Neffens de gemeente hat dat te krijen mei it feit dat it in nij inisjatyf is en dat minsken der noch net goed fan op 'e hichte binne. 'Wolkom yn 'e lobby' is in eksperimint en sil ûngefear in jier duorje. Neffens GrienLinks-riedslid Elske Beintema, dy't ien fan de inisjatyfnimmers is, moat it riedsplein de drompel tusken boargers en gemeente ferleegje.

It folgjende riedsplein wurdt holden op 23 maart. De hoop is dat der dan wol oanmeldingen binnenkomme. "We hopen uiteraard op veel aanloop, maar dat zal moeten groeien", seit Beintema.

(advertinsje)
(advertinsje)