Arts-mikrobiolooch: "Coronafirus komt nei Nederlân, mar gjin reden ta panyk"

24 feb 2020 - 19:03

No't al mear as 200 minsken yn Noard-Italië besmet rekke binne mei it coronafirus is de kâns dat de sykte yn ús lân opdûkt ek hieltyd grutter. By de GGD lizze de draaiboeken klear. "We weten wat we moeten doen als het naar Nederland komt", seit Linda Verhagen, ferpleechkundige ynfeksjesykten by GGD Fryslân.

"Als eerste overleggen we met het RIVM en vervolgens kijken we wat het betekent voor Friesland", leit Verhagen út. Dêrnei wurdt der kontakt lein mei bygelyks húsdokters en sikehûzen.

Neffens Anne-Marie Elsacker, arts-mikrobiolooch by Izore, it sintrum foar ynfeksjesykten yn Fryslân, is it in kwestje fan tiid oant it firus hjir opdûkt: "Ik denk dat we het gewoon gaan krijgen. Vroeg of laat gaat het ons bereiken."

Dochs moatte we mei ús allen net te benaud wurde. Van Elsacker: "De sterftecijfers zijn steeds rond de 2 procent. Maar dat is van alle mensen die we herkennen met het virus." Lang net elkenien dy't it firus hat, wurdt dêr ek op tsjekt. "Ik denk dat veel meer mensen ziek zijn dan we weten, waardoor in procenten het aantal sterfgevallen nog lager ligt". Dat soe betsjutte dat de sifers oerienkomme mei bygelyks de gewoane gryp.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Dit wykein stie it nijs bol fan de ferhalen út Noard-Italië, dêr't it coronafirus it deistich libben swier ûntregele. Wylst in soad Nederlanners krekt fakânsje fierd yn it lân. De direkteur fan in skoallekoepel yn Drinte rôp alle âlden dy't ôfrûne wike yn Italië wiene op om harren bern tsjekke te litten by in húsdokter.

Mar dat is neffens Verhagen echt net nedich. "Dat zou een enorme toeloop zijn bij de huisarts die daar ook niet op ingespeeld is. Als mensen klachten hebben en uit een specifiek gebied komen, zal er waarschijnlijk iets moeten gebeuren. Maar bel dan met de GGD en dan kijken we wat er in dat geval nodig is."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Wat wy foaral dwaan kinne om ús te beskermjen, is 'hygiënysk hoastje', sa't Elsacker it neamt. "Ik vond het heel mooi hoe de overheid in de tijd van de Mexicaanse griep een hele campagne hield met hoesthygiëne. Hoest in je elleboog, hoest niet in elkaars richting." Ek it waskjen fan de hannen is wichtich. "Dat zijn hele basale dingen die we altijd wel beter kunnen doen, maar die hier ook zeker zouden helpen."

Trefwurden: 
sykte gryp Coronavirus
(advertinsje)
(advertinsje)