Issa Kallon wiken oan de kant by Cambuur fanwege blessuere

24 feb 2020 - 18:43

Issa Kallon moat tusken de twa en fjouwer wiken tasjen by SC Cambuur. De oanfaller rekke ôfrûne freed blessearre oan syn hamstring. Undersyk yn it sikehûs hat útwiisd dat der in ferrekking yn syn hamstring sit.

Foto: OrangePictures

De blessuere is ekstra soer foar Kallon, om't er krekt werom wie fan in hamstringblessuere. In moanne lyn tsjin Volendam rûn er in ferrekking op yn de oare hamstring. Dêrfan wie er krekt wer hersteld; freed stie er foar it earst wer yn de basis.

Trainer Henk de Jong sil puzelje moatte yn de oanfal, want ek Jarchinio Antonia foel freed blessearre út. Ferline wike heakke ek Mitchel Paulissen al ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)