Frou dea oantroffen yn wetter yn Koarnjum

24 feb 2020 - 18:42

Yn Koarnjum is snein in deade frou fûn yn it wetter lâns De Wier, op 'e hichte fan de herfoarme tsjerke. It giet om in 55-jierrige ynwenster fan it doarp.

Foto: Plysje

De plysje is dwaande mei it ûndersyk nei de deadsoarsaak. Der is snein en moandei spoare-ûndersyk dien op De Wier. De dyk wie dêrom ôfsletten.

Trefwurden: 
ferstoarn Koarnjum deade frou
(advertinsje)
(advertinsje)