Sportcast: "Se falle by SC Cambuur op it stuit by boskjes om"

24 feb 2020 - 18:34

It iennige wat SC Cambuur noch fan promoasje ôfhâlde kin, is it tal blessueres. Issa Kallon, Robin Maulun, Jamie Jacobs, Mitchel Paulissen en Jarchinio Antonia binne de lêste wiken blessearre rekke en dat is reden ta soarch. By SC Hearrenfean binne der nei it lykspul tsjin ADO Den Haag oare soargen. It gebrek oan effektiviteit brekt de ploech al wikenlang op. Dizze wike prate Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Dit alles ûnder lieding fan Jantine Weidenaar.

Harkje hjir de SportCast fan moandei 24 febrewaris werom.

Foto: Omrop Fryslân

"By Cambuur falle se op 't stuit by boskjes om", seit Andor Faber. "Wat dat oanbelanget is it goed dat se dêryn 'e winterstop al op ynspile ha. "Doe ha se McEachran en Breij helle. Elkenien frege him doe ôf wat se mei al dy middenfjilders moasten, mar no blykt dat it moai is dat se der binne."

Elkenien frege him ôf wat se mei al dy middenfjilders moasten, mar no is it moai dat se der binne.

Andor Faber

SC Hearrenfean spile tsjin ADO Den Haag foar de achtste kear dit seizoen gelyk yn it eigen Abe Lenstra stadion. Trainer Johnny Jansen die dat opnij mei deselde basisopstelling, dit ta fernúvering fan Arjen de Boer: "As je al sân kear net wûn ha mei dizze spilers, soe ik dochs ris wat oars besykje."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)