'Wedstriid fan de Wike' is WK allround en sprint
Slagget it Sven Kramer om foar de tsiende kear wrâldkampioen allround te wurden? It is de grutte fraach oan de foarjûn fan it WK allround en sprint, dat freed begjint yn it Noarske Hamar. It toernoai duorret oant en mei snein en de Fryske reedriders binne knap fertsjintwurdige. It is dêrom de 'Wedstriid fan de Wike'.
Njonken Kramer dogge ek Antoinette de Jong, Ireen Wüst (beiden allround) en Letitia de Jong (sprint) mei. Freed en sneon is it sprinttoernoai, en sneon en snein it allroundtoernoai.
De eagen sille rjochte wêze op Kramer en syn ploechmaat én grutte konkurrint Patrick Roest. "Dy lêste ried op it WK ôfstannen ferline wike swier teloarstellend, dus miskien jout dat Kramer noch wol mear moed", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Dêrnjonken moatte je ek Antoinette de Jong net útflakke, se hat oant no ta in swier teloarstellend seizoen mar soe it yn Hamar samar ris hiel goed ôfslute kinne."
Omrop Fryslân is derby yn Noarwegen en besteget op radio, telefyzje en online rom omtinken oan it WK allround en sprint.
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.