Ried Eaststellingwerf praat oer takomst Biosintrum

24 feb 2020 - 17:33

De gemeenteried fan Eaststellingwerf praat tiisdeitejûn oer hoe't it no fierder moat mei it kwakkeljende Biosintrum. Dat kampt mei grutte finansjele ôffallers. De ferwachting is dat de ried in projektfoarstel fan it kolleezje oannimt en it kolleezje der dus fierder mei kin.

It gemeentehûs fan Eaststellingwerf - Foto: Omrop Fryslan

It Biosintrum is ûnderdiel fan it Ecomunitypark, in ekologysk wurklânskip dêr't bedriuwen yn gearwurkje mei studinten om tegearre nije tûke ideeën, produkten of oplossings te betinken foar in duorsume takomst. It funksjonearret as moetingsplak foar ûnderwiis, bedriuwslibben en oerheid op it mêd fan biobased economy yn Eaststellingwerf. It Biosintrum is foar it grutste part boud is mei 'biobased' materialen.

Ut in moasje fan riedslid Simon ter Heide, de VVD en GroenLinks docht bliken dat der earst noch wol wat hurde wurden sprutsen wurde sille, los fan de fraach oft de moasje fan dit part fan de opposysje wol genôch stipe krijt. De lading sit ek net yn de oprop om it projektfoarstel oan te nimmen, mar mear yn de taljochting, wêrmei't de ried dan ek ynstimme moat.

Ynformaasje achterhâlden

De ried wurdt nammentlik frege om út te sprekken dat it kolleezje ynskattingsflaters makke hat by it ûntstean fan de mearkosten rûnom de realisaasje fan it Biosintrum. En boppe-al dat it kolleezje de ried net op tiid ynformearre hat, wêrtroch't der net op tiid bystjoerd wurde koe en it kolleezje dêrtroch by de ried dy yndruk wekt hat dat alles nei winsk ferrûn.

Soe de ried de moasje oernimme, dan soe yn prinsipe sein wurde dat it kolleezje, en yn it bysûnder portefúljehâlder boargemaster Harry Oosterman, ynformaasje foar de ried achterhâlden hat.

Unsoarchfâldich hanneljen

Mar sels by dizze krityske opposysje komt de boargemaster dêrmei wei, om't it kolleezje publyklik, sawol mûnling as skriftlik, ferûntskuldigings oanbean hat en dêrmei erkend hat dat der sprake west hat fan ûnsoarchfâldich hanneljen.

De yntsjinners fan de moasje ferbine dus gjin politike gefolgen oan harren stevige taal. It liket dus mei in skamper ôf te rinnen, mits it kolleezje der alles oan docht om it projekt binnen it troch de ried fêststelde budzjet dochs noch in sukses wurde te litten.

Moasje fan wantrouwen

Allinnich D66 hat earder rûnút útsprutsen dat it fertrouwen yn de boargemaster troch it achterhâlden fan ynformaasje ta diskusje stiet. Mar foar in moasje fan wantrouwen fan dy fraksje liket der dus no al gjin draachflak te wêzen. D66 stelt lykwols foar om it fertrouwen yn de boargemaster en syn funksjonearjen yn te lûken. Wichtichste reden is de beäntwurding troch de boargemaster fan de fragen fan D66 yn de kommisje fan febrewaris 2018 oer it mearwurk en dus hegere kosten by de bou fan it Biosintrum. D66: "Wat feitelijk onjuist was".

De boargemaster hat neffens D66 ferskate jierren stiifsinnich folhâlden oan in 'oerdúdlik ûnrealistyske' prognoaze fan de finansjele resultaten fan it Biosintrum en hat de kaders en it budzjetrjocht fan de ried oertrêden. "De burgemeester heeft laten zien dat hij niet beschikt over financieel inzicht en kan hierdoor niet meer constructief en geloofwaardig aan het project Biosintrum en ook niet meer aan toekomstige grote projecten bijdragen", seit de partij.

Biosintrum ferbine mei regionaal ûndersykssintrum

Fierder komt tiisdeitejûn in riedsmearderheid mei in moasje om it Biosintrum te ferbinen mei in regionaal ûndersykssintrum dat rjochte is op de kennis fan de boaiem. De yntsjinners (fiif fraksjes ynklusyf de trije kolleezjepartijen) binne fan miening dat it Biosintrum dêr it ideale plak foar is fanwege it al besteande lektoraat 'boaiem' yn it Biosintrum. It kolleezje moat dermei oan de slach.

(advertinsje)
(advertinsje)