Plannen foar 'Fryske Game of Thrones' op de Faeröer-eilannen

24 feb 2020 - 17:10

Miskien kenst de grutte telefyzjesearje Game of Thrones wol. Of sitst alle jûnen foar dy iene Netflix-searje oer woeste Fikingen. It Fryske film- en mediaplatfoarm New Noardic Wave is der sljocht op, en wol sels ek wolris soks meitsje. De 'Fryske Game of Thrones' moat dan it ferhaal fertelle fan de bysûndere Fryske koloanje op de Faeröer-eilannen.

Foto: Helen Sloan, HBO

It moat in grut, 'Netflix-achtich' projekt wurde. Tink oan woeste Friezen, dy't yn de jierren tusken 1040 en 1350 mei wapens harren koloanje op de Faeröer-eilannen ferdigenje.

Neffens direkteur Joris Hoebe van New Noardic Wave in tige nijsgjirrich ferhaal, "Het is een sage over de Friese kolonie Akrabjerg. De Friezen hier waren heidenen, terwijl de rest van de eilandengroep Christen was. De zwarte dood heeft uiteindelijk een einde gemaakt aan de nederzetting, op één gezin na. Een man met zeven zonen."

Deze zenders geven veel geld uit voor hele lokale producten, en Friese taal en cultuur is ideaal voor zo'n serie.

Joris Hoebe, direkteur New Noardic Wave

Neffens Hoebe moatte dizze Friezen bekend stien hawwe as in soarte Grutte Pier. "Het lijkt ons een goed startpunt voor een serie." De searje soe neffens Hoebe ek ideaal wêze foar in bedriuw lykas Netflix of in oare streaming-tsjinst. "Deze zenders geven veel geld uit voor hele lokale producten, en Friese taal en cultuur is ideaal voor zo'n serie."

Lange azem

Dochs sil it noch wol eefkes duorje foar't de searje yndied makke wurdt. New Nordic Wave wol oan de ein fan it jier, of begjin takom jier mei in groep filmmakkers nei Faeröer om dêr te praten oer de mooglikheden. Dêrnei moat in eventuele searje noch ferkocht wurde oan in streaming-tsjinst.

Foar't de searje dan op TV is, binne wy mooglik al fjouwer as fiif jier fierder, sa tinkt Hoebe.

Europeesk netwurk

New Noardic Wave hat lykwols al in wichtige stap makke om de searje op poaten te setten. Se hawwe harren de ôfrûne wike nammentlik oansluten by Screen Talent Europe. Troch lid te wurden fan dit netwurk hawwe minsken fan New Noardic Wave tagong ta in ynternasjonaal netwurk mei partners yn ûnder oare Denemarken, Dútslân, Sweden, Noarwegen en Ierlân.

Hoebe is tige wiis mei de nije gearwurking: "Ik geloof dat interculturele uitwisseling één van de sleutels is tot de groei van ons talent en het maken van originele verhalen. Het netwerk biedt mogelijkheden tot internationale co-financiering. Hierdoor worden we onafhankelijker van het Nederlandse systeem, dat nog steeds erg gefocust is op de Randstad."

(advertinsje)
(advertinsje)