Smokkelbern snijt trauma's oan fan bern dy't de oarloch oerlibbe hawwe

24 feb 2020 - 16:32

Wat dogge je as Joadske mem en heit yn de oarloch? Hâldst dyn bern by dy? Of bringst dyn bern ûnder by in ûnderdûk-gesin? Dit dilemma en de gefolgen hjirfan steane sintraal yn it toanielstik Smokkelbern.

Yn de Twadde Wrâldoarloch binne in soad bern út Amsterdam wei nei Fryslân ta smokkele om hjir ûnder te dûken. Ien fan harren is Lea Tropp. Op har ferhaal is it toanielstik Smokkelbern basearre.

Oarloch net foarby

Tropp har heit wie al ôffierd nei Auschwitz, doe't har mem har as lytse poppe meijoech oan in fersetsfrou. Dy brocht har nei Abbegea om hjir ûnder te dûken. Se sei ta om har wer op te heljen, mar dat barde nea.

Dit barren hat in hiel grutte impact hân op de rest fan it libben fan Lea, mar se realisearret har dit sa'n 50 jier letter pas. It stik giet benammen oer it libben nei de oarloch. "Wat my hiel bot rekke is dat de oarloch net foarby is at de oarloch foarby is", fertelt regisseur Ypy Zysling. "Eins is it stik in syktocht nei harsels, it paad werom. Oan de ein hellet se harsels op, dan is se wer te plak."

Lea Tropp as lyts famke (links) - Foto: -

Yntinsyf

Zysling fynt it meitsjen fan it stik yntinsyf. "Ik wurkje mei fiif spilers en we hawwe mei ús allen bot dwaande west om ús der yn te ferdjipjen troch it lêzen fan boeken en it sjen fan films." Op it gegeven momint waard it foar de ploech tefolle en diene se in stapke werom. "We moatte inoar ek net oerlade, it moat net tefolle op ús sitte want dat is benauwend." Wol fynt se it in moai proses. "It giet folle djipper as de muzykteäterspektakels dy't ik faak regissearje."

Premjêre yn Amsterdam

Smokkelbern giet op 15 april yn premjêre, op de dei dat Fryslân de befrijing fiert. De premjêre is yn de Uilenburgersjoel yn de Joadske wyk yn Amsterdam, dêr't Lea Tropp as lyts famke wenne. Dêrnei is it stik yn ferskate tsjerken yn Fryslân te sjen.

Regisseur fan Smokkelbern Ypy Zysling

(advertinsje)
(advertinsje)