Kolleezje Harns hat foarkar foar ferbouwen en útwreidzjen âlde gemeentehûs

De gemeenteried fan Harns fergaderet takom wike oer it nije plak foar har amtners. Der is op dit stuit te min plak en der moat romte by. De fraach is no hokker plak dat wurde moat. Der binne fyftjin lokaasjes ûndersocht. Dêrfan binne der fjouwer oerbleaun dêr't de ried aanst in kar út meitsje moat. It kolleezje hat in foarkar foar it ferbouwen én útwreidzjen fan it gemeentehûs yn in sintrum fan Harns.
It gemeentehûs fan Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De fjouwer oerbleaune senario's binne renovaasje fan de Waddenpromenade, nijbou by de nije brânwachtkazerne oan de N31, renovaasje fan it stedhûs en de Groenlandsvaarder, en nijbou oan de Westerseedyk.
It kolleezje hat in lichte foarkar foar dy lêste opsje, omdat dan alle gemeentlike saken, amtlik en bestjoerlik, by elkoar komme. Boppedat soe it foar oanrin en libbenens yn it sintrum soargje.
Dêrneist tinkt it kolleezje dat de ferbouwing en útwreiding fan it gemeentehûs yn it sintrum in foarbyldfunksje wêze kin foar oaren. It ferduorsumjen fan âlde monumintale pannen is nammentlik faak dreech. As gemeente kinne se dan sjen litte hoe't dat wol kin. Harns telt 500 monumintale pannen.

Maksimaal 643.000 euro

Wethâlder Harry Boon sjocht dat nijbou op oare lokaasjes ek wol foardielen hat, benammen fanwege de duorsumens en kosten. De nije húsfesting mei net mear as 643.000 euro kostje.
De ried moat no te set oer de fjouwer lokaasjes. Dy beslút op 18 maart oer hokker plak it wurdt. Dêrnei komt der in ûndersyk nei de mooglikheden en kosten fan dizze lokaasje. As alles neffens planning giet, kin yn de simmer fan dit jier de tarieding los en soe yn 2023 alles klear wêze moatte.
© Google Street View

Sintrum: noch in tredde pân nedich

"Op dit moment heeft het college een lichte voorkeur voor de centrumlocatie omdat we denken dat je daardoor ook de levendigheid in de stad houdt. Ook kun je een mooi voorbeeld geven op het gebied van duurzaamheid en bestuur en ambtelijke organisatie kun je mooi bijeen brengen," seit wethâlder Harry Boon. "Verduurzaming is een hele opgave en als je kiest voor het centrum moet je daarmee aan de slag. Dat kan een mooi voorbeeld zijn voor anderen die ons nog volgen."
Der moat noch wol in ekstra pân by, bygelyks de Hema of de âlde ABN Amro. Boon: "De centrumoptie houdt in het bestaande stadhuis en het naastliggende Groenlandsvaarder verbouwen. Die hokkerige indeling die het nu is moet anders. Licht, ruim, elkaar kunnen ontmoeten. En dan hoort er nog een derde gebouw bij, in de onmiddellijke nabijheid van de andere twee gebouwen. Dat zal dan nog aangekocht moeten worden. Maar ik zie daar wel mogelijkheden voor."
Wethâlder Harry Boon fan Harns