Al hast 29.000 hantekens tsjin fleanfjild Portugal
Vogelbescherming Nederland hat al hast 29.000 hântekenings ophelle mei in petysje tsjin de komst fan in fleanfjild by Lissabon. Dat meldt Kees de Pater fan de Vogelbescherming tiisdei. It fleanfjild by de rivier de Taag kin hiel min útpakke foar ûnder oare de skries.
It gebiet is wichtich foar skriezen, om't sy it fretten dat sy dêr fine nedich hawwe om nei Nederlân te fleanen. Samar in oar plak kieze, dogge sy net gau, sa docht bliken út ûndersyk.
De protesten tsjin it fleanfjild krije ek in hieltiten ynternasjonaler karakter. En dat is ek net frjemd, want de fûgels dy't hjirtroch troffen wurde, binne foar it grutste part trekfûgels dy't yn in soad lannen komme.
Yn Portugal hawwe nasjonale media it nijs mei troch de protesten út Nederlân ek wer oppakt. En de fûgelbeskermers yn Portgal dy't as earsten yn aksje kamen, pakke no fierder troch, sa lit it oerkoepeljende Birdlife International witte.
Nei de rjochter
Sy stappe nei de rjochter en de Europeeske Mienskip. It regear yn Portugal komt lykwols noch net yn beweging. Sy hâlde fol dat der neffens de meast aktuele wittenskiplike ynsjoggen hannele wurdt. Mar dat is neffens de Portugese wittenskipper dr. José A. Alves perfoarst net sa en hy fynt dat soks sjen lit dat it regear "gjin idee hat" fan wat der echt spilet.