Feanwâldster Gleonkoppen wolle nij plak yn de âlde biblioteek

24 feb 2020 - 14:53

De Feanwâldster jeugdsoas De Gleonkoppen hat syn sinnen setten op it gebou fan de âlde biblioteek yn it doarp. Foarich jier krigen de jongeren jild tasein fan de gemeente foar in plak yn de kelder fan it nije multyfunksjoneel sintrum, mar de bou fan dit sintrum gie net troch. De gemeente joech doe oan in geskikt plak foar de jongerein oan te wizen "Mar dêr wolle wy net op wachtsje", seit Robbert Lodewijks fan it bestjoer fan De Gleonkoppen.

Foto: Facebook, Jeugdsoos de Gleonkoppen

De jongeren ha op dit stuit gjin plak, mar se sjogge mooglikheden yn it pân oan De Wylgen. It gebou is eigendom fan de gemeente en waard oant 2012 brûkt as biblioteek. Dêrnei waard it antykreak bewenne en ferhierd troch de gemeente, mar op dit stuit stiet it leech. Lodewijks tinkt dat it pân nei wat oanpassings geskikt makke wurde kin foar de jeugd.

Neffens Lodewijks is it wichtich dat der rap in plak komt foar de jongerein: "As jo wat wolle, dan moatte jo dat no dwaan." Lodewijks fynt dat de gemeente boargerpartisipaasje stypje moat om de jeugd te binen oan it doarp. Hy wiist derop dat der út de âlde jeugdsoas wei in soart nije inisjativen, lykas de Lodenhelrun, ûntstienen.

It bestjoer fan de De Gleonkoppen wol ynkoarten yn petear mei de gemeente Dantumadiel om it idee foar te lizzen.

Robbert Lodewijks oer de plannen fan De Gleonkoppen

(advertinsje)
(advertinsje)