Plysje nimt jild en auto's yn beslach by ynfal yn wenning

24 feb 2020 - 13:51

De plysje hat moandeitemoarn om 06.00 oere in ynfal dien by in wenning oan de Wagnerstrjitte yn Ljouwert. Dêrby waarden twa fertochten oanhâlden. Ek hat de plysje jild en auto's yn beslach naam.

Foto: ANP Foto

De ynfal yn de wenning waard dien neidat der by de plysje ferskate klachten oer drugsgebrûk en drugshannel binnen kaam wienen.

Trefwurden: 
Ljouwert ynfal
(advertinsje)
(advertinsje)