Sitewaasje op Lesbos rint út de hân: "We voelen ons in de zeik gezet"

24 feb 2020 - 12:57

De sitewaasje op it Grykske eilân Lesbos liket sa stadichoan út de hân te rinnen. De befolking fan it eilân is wanhopich, krekt lykas de 20.000 flechtlingen dy't yn it opfangkamp Moria sitte. Sigrid van der Zee, oarspronklik fan Snits, is ûndernimmer op it eilân: "Je boterham hier verdienen valt absoluut niet mee."

Foto: ANP

Van der Zee is al ophâlden mei har reisburo, en wurket benammen noch as gids op it eilân. Wol hat har famylje noch in buorkerij en inkele oare aktiviteiten dy't neat mei toerisme te krijen hawwe. Dochs rekket de sitewaasje op it eilân har bot, want it spilet al in skoft: "Wij voelen ons hier op Lesbos al een tijdlang in de steek gelaten."

Yn de seik setten

It eilân is neffens Van der Zee te fergelykjen mei in stêd lykas Ljouwert: "Stel je voor dat je daar 20.000 vluchtelingen neerzet." De regearing hat no plannen foar grutte detinsjesintra, en mooglik in muorre yn see. Mar dit falt net yn goeie ierde by de eilânbewenners. "We voelen ons een beetje in de zeik gezet door de regering", seit de âld-Snitser. "Je kan namelijk zo om zo'n muur heen varen." Dêrnjonken soene de detinsjekampen minsken net tsjinhâlde.

Hurde holle

Neffens Van der Zee soene minsken fanút Turkije in flechtlingestatus foar Europa oanfreegje kinne moatte. Om dan mei in fleantúch nei har nije thús te fleanen. Mar oft dit barre sil, dêr hat se in hurde holle yn. "Wat moet je er nog van zeggen na vijf jaar..."

Sigrid van der Zee oer de sitewaasje op Lesbos

Trefwurden: 
Lesbos Moria migranten
(advertinsje)
(advertinsje)