Deputearre Fokkens: "Skrassen bussen gjin besuniging mar effisjinsjeslach"

24 feb 2020 - 11:58

It skrassen fan buslinen troch lytse doarpkes is gjin besunigingsmaatregel, mar in effisjinsjeslach. Dat seit deputearre Avine Fokkens. "Het kan toch niet zo zijn dat er van ons belastinggeld lege bussen rijden. Dat vinden we onwenselijk."

Ien fan de buslinen dêr't it om giet is 71 troch Berltsum, Bitgum, Bitgummole, Marsum en Ingelum. Dy soe - as de plannen trochgean - skrast wurde. De doarpsbelangen fan dizze doarpen binne dêr poer op tsjin, om't it skrassen fan de bus de leefberens ferminderje soe.

Dat argumint begrypt de deputearre, mar dochs moat der wat barre, fynt se. "We gaan kijken voor welke dorpen het openbaar vervoer onrendabel is. De bereikbaarheid op het platteland heeft een hoge prioriteit. Dat vinden we belangrijk. Maar het kan niet zo zijn, dat we om die reden lege bussen laten rijden. Daar kijken we kritisch naar."

De PvdA hat yntusken oanjûn dat se de foarstelde oanpassingen yn de buslinen ûnakseptabel fynt.

Deputearre Avine Fokkens

(advertinsje)
(advertinsje)