Japanske turnbûn jout net thús: olympysk ticket Epke noch ûnwis

24 feb 2020 - 11:45

In dei nei de wrâldbekeroerwinning fan Epke Zonderland yn Melbourne is der noch hieltyd gjin wissichheid oer it olympyske ticket fan de Fries. De Nederlânske turnbûn hat noch hieltyd gjin offisjeel berjocht fan de Japanske kollega's, sa skriuwt de NOS.

Foto: ANP

It Nederlânske turnbûn (KNGU) hat noch hieltyd gjin offisjele dúdlikheid krigen fan de Japanske kollega's. Ek is it ûndúdlik wannear't de Japanners definityf útslútsel jaan sille. Oant dy tiid rekkenet Zonderland him noch net ryk, sa sei er nei de wedstriid op snein.

De Japanner Hidetaka Miyachi is de grutte konkurrint foar Zonderland, as it giet om it olympysk ticket. De 33-jierrige Fries wûn yn Australië mei in skoare fan 14,900. Syn Japanske konkurrint waard nei in fal fiifde mei 13,400, en lokwinske Zonderland al mei syn olympysk ticket, hoewol't der noch twa wrâldbekerwedstriden op it programma stean.

Miyachi stiet noch hieltyd ynskreaun foar dy twa wrâldbekerwedstriden (yn Bakoe en Doha). De wrâldbekerwedstriid fan Bakoe is fan 12 oant 15 maart. Doha is in wike letter. Foar dy tiid moatte de Japanners mei dúdlikheid komme.

(advertinsje)
(advertinsje)