Nij Ylostins yn Drylts wurdt gjin gemeentlik monumint

24 feb 2020 - 11:28

Wensoarchkompleks Nij Ylostins yn Drylts wurdt dochs gjin beskerme gemeentlik monumint. Dat beslút hat it kolleezje fan B&W fan Súdwest-Fryslân naam. It oanwizen fan Nij Ylostins as monumint soe nijbouplannen yn 'e wei stean.

Hûs & Hiem advisearre yn desimber ferline jier om Nij Ylostins oan te wizen as gemeentlik monumint. Dochs leit it kolleezje dit advys njonken him del. Wethâlder Erik Faber: "Wij hebben dit advies afgewogen en gekeken naar andere belangen. Op basis daarvan hebben we het besluit genomen om de voorkeur te geven aan goede zorg in IJlst."

Tsjin de flakte

Op it plak fan it wensoarchkompleks komme mooglik tritich yntramurale wennings fan soarchorganisaasje Patyna. Sa kinne de bewenners 24 oeren deis soarch krije. Dêrfoar moat it hjoeddeistige Nij Ylostins dus tsjin de flakte. Gjin ienfâldich beslút jout wethâlder Faber ta: "Maar als we kijken naar betaalbare zorgvoorzieningen voor de toekomst, dan is nieuwsbouw het meest gewenst. Met dit besluit verbeteren we de zorg in IJlst. Dat heeft wat ons betreft meer prioriteit dan het behoud van het gebouw."

Positive reaksjes

Neffens Faber binne in soad ynwenners it wol mei it beslút fan it kolleezje iens. "De meeste inwoners waren zelfs erg positief. Als gemeenteraad kregen we eerder al brieven van inwoners dat zij wel positief stonden tegenover nieuwbouw." Wannear't de sloophammer krekt hantearre wurdt, is noch net bekend.

Nij Ylostins, Drylts - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Wethâlder Erik Faber oer Nij Ylostins

(advertinsje)
(advertinsje)