Woudagemaal bliuwt op stoom fanwege heech wetter

It Woudagemaal op De Lemmer is wer op stoom brocht om te helpen it hege wetter fuort te pompen. De ôfrûne dagen is der in soad rein fallen, en ek de kommende wike wurdt in soad delslach ferwachte.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Om't de spuimooglikheden nei de Waadsee beheind binne, set it Wetterskip de ekstra pompkapasiteit fan it Woudagemaal yn. De ôfrûne wike is der sa'n 45 milimeter delslach fallen yn Fryslân. En de kommende tiid komt dêr mooglik nochris 35 milimeter by.
Lokaal, benammen yn it noardeasten, kinne hegere wetterstannen foarkomme. Dit is in gefolch fan de hurde westewyn en de beheinde spuimooglikheden yn it noarden.
It Hooglandgemaal en it Woudagemaal kinne tegearre alle dagen sa'n 14 miljoen kúb wetter ôffiere. It Woudagemaal hat de ôfrûne wike al draaid fanwege de tradisjonele opliedingsdagen foar meiwurkers en frijwilligers. Dit wykein hawwe de masinisten de stoomtsjettels ûnder druk hâlden, sadat it gemaal moandei fuort wer ynsetber is.