Marne Kolleezje heechste by Dance4life

© Omrop Fryslân
De aksjedei foar Dance4life op it Marne Kolleezje yn Boalsert hat mei-inoar 25.000 euro opsmiten. Mei dat bedrach is it Marne de skoalle mei de heechste opbringst fan Nederlân.
Freed hellen learlingen mei tal fan aksjes jild op. Sa lieten guonts harren foar in flink sponsorbedrach in nacht opslute yn de finzenis. Mei Dance4Life wurdt jild ophelle foar de striid tsjin HIV en AIDS.