Bouwmeester klimt nei tredde plak by WK Laser Radial

Sylster Marit Bouwmeester is by it WK Laser Radial nei it tredde plak yn it klassemint klommen. De Friezin hie dat te tankjen oan har tredde plak op de twadde wedstriiddei yn it wetter by Melbourne.
© Ocean Images Photography / Watersportverbond
Krekt lykas op de earste dei, koe ek op de twadde dei mar ien float syld wurde. Ek doe einige Bouwmeester as tredde.
"Wy hiene te krijen mei ferskate soarten wyn, dy't tsjininoar fochten, en der wiene in soad buien yn de loft. Dat makket it racen dreech", sei Bouwmeester nei ôfrin fan de race. "Ik bin wiis mei myn twa tredde plakken. Hooplik kinne wy fan no ôf wer mear wedstriden farre as yn de ôfrûne twa dagen."
Mirthe Akkerman út Akkrum einige as njoggende en stiet op dit stuit op it achtste plak yn it klassemint.