Noch gjin trajektkontrôles op N381 en N351

24 feb 2020 - 10:07

It duorret noch efkes foardat de trajektkontrôles op de N381 en N351 aktyf binne. Ferkear op de dyk fan Drachten nei Emmen en de dyk fan Easterwâlde nei Emmeloord sil pas dizze simmer kontrolearre wurde op de snelheid.

N381 - Foto: Google Street View

De ferkearskontrôles wurde útfierd mei in digitale kamera, dy't oan de begjin en de ein in foto makket fan it nûmerboerd. De kamera's stean der al, mar binne noch net test. Dat duorret noch wol efkes, jout de wurdfierder fan it ferkearsparket fan it Iepenbier Ministearje oan.

Moandei is de trajektkontrôle tusken Baarn en Bunschoten útein set. Dat is de earste trajektkontrôle op in provinsjale dyk. Oanlieding foar it ynfieren fan in trajektkontrôle op ferskate N-diken is it feit dat op provinsjale diken relatyf in soad ferkearsslachtoffers falle. It Iepenbier Ministearje wol dêrom de hanthavening oanskerpje.

Gefaarlikste diken fan Nederlân

Ut ûndersyk fan de ANWB die ferline jier bliken dat provinsjale diken de gefaarlikste diken fan Nederlân binne. Mar leafst 20 prosint fan alle deadlike ûngelokken bart op dit soart diken. Yn Nederlân kamen de ôfrûne fjouwer jier 427 minsken om it libben op in provinsjale dyk of fytspaad.

Trefwurden: 
N381 N351 trajektkontrôle
(advertinsje)
(advertinsje)