Ferdwynt de bus wer út it doarp yn de gemeente Waadhoeke?

24 feb 2020 - 09:02

In goeie busferbining yn it doarp is foar in soad plakken tige wichtich foar de leefberens. Dochs driget de busline 71 yn de gemeente Waadhoeke skrast te wurden, om't der te min minsken gebrûk meitsje fan it iepenbier ferfier. Skande, fine se yn de doarpen Berltsum, Bitgum, Bitgummole, Marsum en Ingelum.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Busline 71 rydt troch de doarpen Bitgum, Bitgummole, Marsum en Ingelum. Dizze busferbining driget lykwols skrast te wurden, om't der te min minsken ynstappe. Tenei moatte ynwenners dan gebrûk meitsje fan bus 70, dy't in halte hat oan de Westergowei. "Dat is foar in hiel soad doarpen in hiel ein fuort", wit Douwe Kamstra fan Gemeentebelangen. "Dizze busline is hiel wichtich foar de leefberens."

Gemeentebelangen lûkt dêrom oan de belle. Moandeitejûn sil yn de fraksjefergadering mei alle doarpsbelangen fan de doarpen oerlein wurde oer wat sy fine.

Douwe Kamstra fan Gemeentebelangen

Ien fan dy doarpsbelangen is Stichting Berlikumer Belangen (SBB). Grytzen Spijksma skoot moandeitejûn oan om him hurd te meitsjen foar busline 71, dy't ek troch Berltsum rydt. "It leafst soene wy dizze busline behâlde wolle. It komt ús leefberens ten goede. Wy ha bygelyks in halte by it âldereintehûs. Dy minsken kinne foar de doar opstappe. Ek studinten meitsje in soad gebrûk fan de bus nei Ljouwert."

Ek in bettere ferbining nei Frjentsjer stiet op it winskelistje fan Berltsum. Spijksma: "Om no yn Frjentsjer te kommen is hast net te dwaan mei it iepenbier ferfier."

Ferline jier hat Partoer ûndersyk dien nei it belang fan it busferfier yn de doarpen. Spijksma: "Wy wolle in statement meitsje nei de provinsje, dat dizze bus yn ús doarp bliuwe moat. Seker ek mei it each op de fergrizing is dit ûnmisber foar de leefberens fan ús doarpen."

Grytzen Spijksma fan Stichting Berlikumer Belangen (SBB)

(advertinsje)
(advertinsje)