Kollum: "Flagge healstôk"

24 feb 2020 - 08:27

"Eelke hie ôfrûne wike fûle krityk op telefyzjepresintator Sipke Jan Bousema en syn striid om fan Fryslân in reinbôgeprovinsje te meitsjen. Neffens Eelke slacht sa'n reinbôgeflagge op it provinsjehûs yn Ljouwert nergens op. Unsin, flauwekul en it soe neat helpe tsjin diskriminaasje fan homo's.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Tafallich mocht ik Sipke Jan ôfrûne wike ynterviewe en fansels kaam it petear al gau op syn 'regenboogbetoog'. Hy liet my in pear reaksjes lêze, dy't er krigen hie nei oanlieding fan syn striid om fan Fryslân as lêste provinsje in reinbôgeprovinsje te meitsjen.

De reaksjes kamen fan manlju en froulju dy't noch altyd net út de kast doarre te kommen om't harren aard net akseptearre wurdt. Dy't ferhûzje moatte om't se fuortpest wurde. Situaasjes, dêr'tst fan tinkst dat se tsjintwurdich net mear foarkomme.

No wit ik ek wol dat in reinbôgeflagge op it provinsjehûs oan dizze persoanlike ellinde fuortendaliks gjin ein meitsje sil. Mar as provinsje litst yn elk gefal sjen datst dit ôfkarst. Dat elkenien wolkom is, him hjir wolkom fiele mei en hjir feilich wenje kin. Mei oare wurden, it is in úthingboerd om as provinsje sjen te litten datst gastfrij bist. Wolkom yn Fryslân.

En toch stinne se dêr by de provinsje al moannen op dizze diskusje om. Se lykje deabenaud om it beslút te nimmen om de flagge op te hingjen. Elkenien skoot it ûnderwerp sa gau as mooglik nei in oar ta. Deputearre Douwe Hoogland fynt it in beslút foar Provinsjale Steaten. Kollega Avine Fokkens woe har fingers der ek al net oan brâne. Mar wêrom net? Wat is der no sa yngewikkeld oan dit ûnderwerp?

Ik snap der wier neat fan. Wêrom wurdt elkenien dêr yn ús provinsjehûs sa aldermachtichst senuweftich fan de reinbôgeflagge? Ik bedoel: wy freegje net om it hiele provinsjehûs yn 88 kleuren te fervjen. It is inkeld in flagge. Wa yn godsnamme soe der op tsjin wêze om dizze flagge út te hinjgen? De anty-homo-organisaasjes, ja. Mar dêr hast as provinsje dochs gjin boadskip oan? Ik begryp der wier neat fan.

Neffens de earder neamde deputearren is Fryslân al gastfrij genôch foar minsken fan alle soarten en maten, aarden en leauwen. Dêrom hoecht der gjin reinbôgeflagge op it provinsjehûs te wapperjen. Dat soe allinnich mar liede ta noch mear organisaasjes dy't in flagge op it provinsjehûs ha wolle. In kul-argumint. Neam my ris ien organisaasje dy't dat dan aanst wol. Amnesty? Red een Dier? It Bûn foar Fryske Fûgelwachten? Hûs en Hiem? Brommels? Unsin.

It binne stik foar stik suertsjes dêr yn it provinsjehûs, dat se it safier komme litten ha dat der sels al Keamerfragen oan de minister steld binne oer it feit dat wy hjir yn Fryslân noch altyd gjin reinbôgeprovinsje binne. Ek al roppe se dan dat Fryslân sa gastfrij is, mei dit geskytskoar jouwe se just it tsjinoergestelde sinjaal ôf.

Dit jier is Ljouwert op 20 juny gasthear foar Rôze Sneon. It kin toch net sa wêze dat der dan gjin reinbôgeflagge op it provinsjehûs wapperet. Dan hingje ik myn flagge healstôk."

(advertinsje)
(advertinsje)