De earste stoarmbriedkearing fan Nederlân komt by Warkum

24 feb 2020 - 07:38

It hûndert bunder grutte natuergebiet de Workumer Bûtenwaard oan de Iselmar krijt in bysûndere fariant op in stoarmfloedkearing. Der komt in saneamde stoarmbriedkearing. Dy moat net it lân, mar briedende fûgels beskermje tsjin heech wetter út de Iselmar.

Hûnderten oant tûzenen fûgels briede yn it gebiet fan It Fryske Gea dat no yn de maitiid geregeld ûnder wetter komt te stean. It giet dan om in soad greidefûgels, mar ek koloanjefûgels lykas wytstirnzen. En fan fierder wei lûke piken nei it gebiet ta. Mei heech wetter fersûpt al it jonge spul.

Stoarmbriedkearing

It plan is dêrom no om âlde slinken wer iepen te meitsjen om sa romte te meitsjen foar ridzjende fisken út de Iselmar. Mei dy grûn wurdt dan in simmerkade makke dêr't de fûgels feilich achter briede kinne. Der komme wol iepeningen yn dy kade om Iselmarwetter en fisken troch te litten. En dy iepeningen kinne ticht by heech wetter. Dat is dan dy stoarmbriedkearing.

De Workumer Bûtenwaard stiet hjir ûnder wetter - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Grutter plan Iselmarkust

Boppedat wurdt lân dat earder troch de Iselmar ôfslein is, wer werom brocht troch sân op te spuitsjen. Ien en oar makket diel út fan in folle grutter plan foar de Iselmarkust dêr't folle mear as allinnich de natuer mei holpen wurdt. "Stoarmbriedkearingen binne neffens my noch net earder betocht", seit distriktshaad Germ van der Burg fan It Fryske Gea. "It soe mooglik in hiel moai idee wêze om soks ek op oare plakken ta te passen."

De Workumer Bûtenwaard is in wichtich natuergebiet - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Remco de Vries seach by natuergebiet de Workumer Bûtenwaard

(advertinsje)
(advertinsje)