Boargers fan herte wolkom op riedsplein yn Opsterlân

24 feb 2020 - 07:25

Ynwenners fan de gemeente Opsterlân binne tenei fan herte wolkom om foarôfgeand oan de riedsgearkomste harren plannen en fragen foar te lizzen oan de njoggen riedsfraksjes fan harren gemeente. Dit saneamde riedsplein moat de drompel om yn kontakt te kommen mei de polityk leger meitsje.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

GrienLinks-riedslid Elske Beintema is ien fan de inisjatyfnimmers. "Het idee komt uit de werkgroep Lokaal Bestuur, die wordt ondersteund door de gemeente." Beintema hopet dat it riedsplein foar sawol de boargers as de polityk brûkbere resultaten opsmyt. "Wij als gemeenteraadsleden weten ook niet altijd precies wat er in de gemeente leeft. We willen de drempel verlagen voor burgers om met hun vragen en ideeën bij ons aan te kloppen."

Pilotprojekt

It is foar it earst dat de gemeente sa'n ynrinmomint organisearret. Beintema: 'We zijn heel benieuwd of het wat oplevert. Het is voor ons ook nog nieuw en afwachten hoe het gaat. Dit is een pilot van ongeveer een jaar. We hopen uiteraard op veel aanloop, maar dat zal moeten groeien. Daarom geven we het ook de tijd."

Elske Beintema oer it riedsplein

(advertinsje)
(advertinsje)