"Hâld fuortendaliks op mei gaswinning yn ús provinsje"

24 feb 2020 - 07:06

"Hâld fuortendaliks op mei gaswinning yn ús provinsje." Dat seit Oebele Veenstra fan de wurkgroep tsjin nije gaswinning yn Smellingerlân as reaksje op de ierdbeving sneontejûn net fier fan Surhústerfean. "Yn Grinslân giet de kraan ticht, mar yn Fryslân giet it gewoan troch."

Foto: KNMI

De ierdbeving sneontejûn hie in krêft fan 1,4 op de skaal fan Richter en fûn plak yn de Grinzer Pein. Wol lizze der lytsere gasfjilden flakby yn Fryslân. Neffens Veenstra is der in direkte link mei dizze Fryske gasfjilden. "Wêr't de folgjende beving krekt komt, dat witte jo noait. Mar dat er hjir ek yn Fryslân mear ierdbevings komme, dêr kinst de klok der op lyksette."

Ried fan Steat

Veenstra set him mei de wurkgroep yn om gaswinning yn Fryslân tsjin te gean. Dêrby krije se in soad stipe, fertelt er. "Der binne in hiel soad minsken dy't harren sjochwize yntsjinne ha oangeande de gasfjilden yn 'e omkriten. Mar wy ferwachtsje dat we dochs nei de Ried fan Steat moatte om it tsjin te hâlden. Dat is it iennige dat wy dwaan kinne. Hjir ha wy ús hoop mar op festige."

Gefoel fan feilichheid

Nei de ierdbeving yn de Grinzer Pein waard gjin skea melden. Dochs is dat neffens Veenstra gjin reden om it goed te praten. "It giet net allinnich om skea, mar ek om it gefoel fan feilichheid. Hâld fuortendaliks op mei gaswinning yn ús provinsje."

Moasje

De partij VZ Westerkwartier yn Grinslanner gemeente Westerkwartier hat oanjûn mei in moasje te kommen nei oanlieding fan de ierdbeving.

Oebele Veenstra fan de wurkgroep

(advertinsje)
(advertinsje)