Epke Zonderland: "It ticket foar de Spelen is noch net binnen"

24 feb 2020 - 06:39

Epke Zonderland giet der noch altyd fanút dat syn tsjinstanner Miyachi út Japan mooglik wol meidocht oan de lêste twa wrâldbekerwedstriden yn Baku en Doha. Dat sei er moandeitemoarn yn it radioprogramma Fryslân fan 'e moarn. "Ik hâld der sterk rekken mei dat it Japanske turnbûn noch fan gedachten feroaret en Miyachi dochs nei de oare beide World Cups giet. Foar my is it noch net sa fier dat ik tink dat it ticket binnen is."

Foto: ANP Foto

Zonderland pakte dit wykein it goud op it ûnderdiel rekstôk by de wrâldbekerwedstriden yn Melbourne. Dêrmei is er wer in stap tichterby dielname oan de Olympyske Spelen yn Japan. Zonderland hat no trije oerwinningen helle yn de wrâldbekerwedstriden, likefolle as syn grutste konkurrint Miyachi út Japan.

Baku en Doha

Om út te meitsjen wa't nei de Olympyske Spelen mei, wurde de skoares byinoar opteld. Der binne noch twa wrâldbekerwedstriden: op 14 en 15 maart yn Baku yn Azerbeidzjan en op 20 en 21 maart yn Doha yn Katar. Nei ôfrin fan de wrâldbekerwedstriden yn Melbourne liet Miyachi witte dat er de kommende twa wedstriden net mear turnje sil. Dat soe betsjutte dat Epke no al wis is fan in ticket foar de Olympyske Spelen.

Slach om de earm

Dochs hâldt de Fryske turner in slach om de earm. "Ik sil my serieus tariede op de beide World Cups en gean der gewoan fanút dat Miyachi der wol is. Pas as Doha foarby is, bin ik wis fan in ticket."

Ik gean seker mei in better gefoel de folgjende twa wrâldbekerwedstriden yn.

Epke Zonderland

Krekt op 'e tiid

Zonderland hat in hiel goed gefoel oerhâlden oan de winst yn Melbourne. "Ik bin noch it meast bliid mei it feit dat ik wer fit genôch bin om in goeie wedstriid turnje te kinnen. Ik ha yn novimber noch in lytse operaasje hân en dêrtroch koe ik in moanne lang net traine. Yn desimber bin ik wer begong. Ik ha in koarte tarieding hân, mar ik makke wol goeie stappen. Yn Australië ha ik ek in moanne lang traine kinnen en dêr ha ik de stap makke om dizze oefening turnje te kinnen. It is krekt op 'e tiid slagge."

Goeie tiidssône

Yn tarieding op de wrâldbekerwedstriden yn Baku hat Zonderland besluten om net werom nei Fryslân te fleanen. "Ik sit no al yn de goeie tiidssône, dus dat skeelt." Syn frou Linda en soan Eise fleane nei Dubai, om dêr mei Epke te genietsjen fan dizze oerwinning. Epke hat alle betrouwen yn in goed ferfolch. "Ik gean seker mei in better gefoel de folgjende twa wedstriden yn."

Epke Zonderland oer syn ferfolchtrajekt

(advertinsje)
(advertinsje)