Bewapene oerfal op Ljouwerter snackbar, fertochte slacht op de flecht

23 feb 2020 - 23:19

Oan de Leeuwerikstraat yn Ljouwert is snein in snackbar oerfallen. De fertochte drige mei in mes by de oerfal. Hy is dêrnei op de flecht slein foar de plysje.

Foto: Kappers Media

Der is in Burgernet-melding útgien oer de mooglike dieder. It soe gean om in jonge man fan sa'n 1 meter 70 mei donkere klean oan. Hy hie in masker op. De plysje seit dêrby dat minsken de man net benaderje moatte.

It is net dúdlik oft de dieder ek wat bútmakke hat. De plysje is nei de oerfal yn petear gong mei meiwurkers fan de snackbar.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert snackbar oerfal
(advertinsje)
(advertinsje)