Gjin Fryske boeren yn Boer Zoekt Vrouw

23 feb 2020 - 21:32

Der sitte dit jier gjin Fryske boeren yn it telefyzjeprogramma Boer Zoekt Vrouw. Yn septimber waarden tsien boeren foarsteld yn it programma, mar allinnich de fiif boeren dy't de measte brieven krigen, wurde fierder folge yn harren syktocht nei de leafde. De twa Fryske boeren hearden net by de top fiif.

Yvon Jaspers - Foto: ANP

Yn de twadde ôflevering fan dit seizoen brocht presintatrise Yvon Jaspers de tsien boeren op 'e nij in besite. Dizze kear hie se foar eltse boer in 'pear' brieven mei. Boerinne Annemiek út Drinte krige de measte brieven: 633.

Ik krij allegear kribels.

Boer Frans

Mar ek by koweboer Frans (52) kaam Yvon net mei lege hannen. Se naam 37 brieven mei, wêrûnder ien yn it Frysk. "Ik krij allegear kribels", sei de boer nei it lêzen fan ien fan de brieven. Wylst er rêstich fierder lies, kloppe ien op de doar.

"It hiele hok fol!"

Ta syn grutte ferrassing krige er samar besite fan in Fryske brieveskriuwer. Net folle letter wiene der trije en úteinlik stie de buorkerij fol. "It hiele hok fol! Ik krij it der waarm fan!" Mei wyn, gebak, bier en Fryske flachjes makke Frans der in moai feestje fan mei syn mannen.

"It is hiel oerweldigjend! Ik ha al wol in pear leuke mannen sjoen", seit boer Frans op de webside fan Boer Zoekt Vrouw oer de ferrassingsbesite, nei't in kunde him frege wat er fan de ynvaazje fynt.

"No hoech ik sels net mear iten te sieden"

Foar melkfeehâlder John (39) wiene der 24 brieven. Net genôch om folge te wurden, mar foar de dieltiid-akkountant is it miskien wol genôch om in frou te finen dy foar him itensiede wol, want John fertelde dat er no wolris seis dagen yn 'e wike iten besoargje lit. "Mar krekt hoe't it útkomt." Tusken de brieveskriuwsters siet yn elk gefal ien kok.

(advertinsje)
(advertinsje)