Fryske toulûkers pakke WK-medaljes yn Ierlân

23 feb 2020 - 20:59

Frykse toulûkers ha dit wykein ferskate medaljes helle op it WK toulûken yn Ierlân. In wrâldtitel wie der foar it miksteam ûnder de 23, mei dêryn trije leden fan De Watermannen út Aldeholtwâlde. Sy wiene yn de finale te sterk foar Baskelân.

De Nederlânske toulûkers op it WK - Foto: Eigen foto

It manljusteam ûnder de 640 kilo, folslein besteand út Fryske toulûkers, pakte krekt as twa jier lyn it WK-sulver. Nei't de ploech twadde wurde wie yn de pûl, wûnen de Friezen yn de heale finale fan it gastlân Ierlân. Yn de finale wie Skotlân, de regearjend kampioen, te sterk.

Ek foar it manljusteam ûnder de 680 kilo, mei twa Friezen, wie der sulver. Sy koene yn de finale net stunte tsjin regearjend wrâldkampioen Skotlân. Yn it frouljusteam ûnder de 540 kilo sitte ek trije Friezen. Sy pakten it brûns. Ek foar it frouljusteam ûnder de 500 kilo wie der brûns. Sy rêden it tsjin Baskelân net op yn de heale finale. Yn de striid om it brûns wiene se wol te sterk foar Dútslân.

Snein pakte it jongesteam ûnder de 23 it sulver. Mei fjouwer dielnimmers en twa trainers wie de Fryske ynbring yn it team grut. Se leine it yn de finale ôf tsjin Taiwan.

Medaljes foar Deinum-Britsum en de Watermannen

Njonken de lannewedstriden wiene der ek kampioenskippen foar klupteams. By de manlju ûnder de 640 kilo wie der sulver foar Deinum-Britsum en ûnder 23-team fan de Watermannen út Aldeholtwâlde pakte brûns.

Trefwurden: 
WK Ierlân toulûken
(advertinsje)
(advertinsje)