Opluchting by Epke is grut nei winst: "No ha ik de befêstiging"

23 feb 2020 - 22:03

De opluchting is grut by Epke Zonderland. De Fryske turner is nei de winst yn Melbourne in stap tichter by de Olympyske Spelen, letter dit jier yn Tokio. "Hoe't it hjoed gong jout my noch in better gefoel as de oerwinning op himsels", seit de Lemster. "Ik ha der sels fertrouwen yn dat it miskien noch wol better kin."

"In hiel lekkere skoare", sei Zonderland tsjin de NOS:

Zonderland sette snein op de wrâldbeker yn Melbourne in skoare del fan 14,900. Hy striidt mei de Japanner Hidetaka Miyachi om it lêste olympyske ticket op it ûnderdiel rekstôk. Miyachi hie al trije wrâldbekers wûn, Zonderland noch mar twa. No't Zonderland ek trije wûn hat, wurde de trije winnende skoares byinoar opteld. Dan komt Zonderland ta 44,399 en Miyachi ta 43,966.

De oefening fan Zonderland yn Melbourne:

"Oan de iene kant bin ik bliid mei de oerwinning, mar ik sjoch fansels ek nei de skoares", sei Zonderland nei syn oerwinning. "Ik wist dat ik 14,500 of heger skoare moast. Oan bygelyks 14,300 hie ik neat hân, ek al hie ik earste wurden. Dus dit wie in hiel lekkere skoare."

Skoares wrâldbekeroerwinningen

Zonderland Miyachi
14,866 14,733
14,633 14,300
14,900 14,933
Totaal: 44,399 43,966

Miyachi foel yn de finale yn Melbourne en waard fyfde. Nei ôfrin felisitearre er Zonderland al mei syn olympyske ticket, ek al komme der noch twa wrâldbekerwedstriden. Miyachi seit dat er dêr net mear oan meidwaan mei fan it Japansk bûn. Dan hie er better prestearje moatten yn Melbourne. "De rûte op de wrâldbekers is foar my no klear", seit er. "Dus it ticket is foar Epke. Ik gean net nei Doha en Bakoe." Dat binne de plakken fan de lêste twa wrâldbekerwedstriden.

"We willen eerst honderd procent zekerheid"

As de Japanner dêr wol meidocht, kin er Zonderland noch ynhelje. Dan moat er winne mei in skoare fan 14,734 of heger. Mar as er net meidocht, sit it derop foar him. It kamp fan Zonderland wol him noch net ryk rekkenje. "Het nieuws heeft ons ook bereikt, maar we willen eerst honderd procent zekerheid", seit trainer Daniel Knibbeler. "We gaan contact opnemen met de Japanse bond, tot die tijd verbinden we hier nog geen conclusies aan."

Foardat er de reaksje fan Miyachi heard wie, sei Zonderland dat er wol wat twivels hie foar syn oefening. "Ik hie sa'n koarte tarieding. Dus ik frege my wol ôf: as ik no in kear in mindere dei ha, slagget it my dan hieltyd? Mar no ha ik de befêstiging, en dat is bêst in opluchting. Dan gean ik de kommende twa worldcups ek mei mear fertrouwen yn."

De druk wie miskien noch wol heger as op de grutte toernoaien, want der hinget safolle fan ôf.

Epke Zonderland

De druk op Zonderland wie heech. Hy kaam as earste yn aksje yn de finale. "Folle mear druk as dit ha ik earder noch net hân. Op de Olympyske Spelen en op it WK hast ek druk, mar dat wie hjir miskien noch wol heger, want der hinget safolle fan ôf." Nei syn goede oefening seach er dat Miyachi foel. "As er hjoed heger skoarde as my, dan hie er net allinnich de oerwinning pakt, mar syn foarsprong ek nochris fergrutte."

Op dizze manier winne fielde wol 'oars' foar de olympysk kampioen fan 2012. "As hy syn oefening gewoan ôfmakke hie en ik dêrnei noch hieltyd in hegere skoare hie, dan hie ik mear in oerwinningsgefoel en eufory. No is it ek in bytsje ûngemaklik. It leafst hie ik dat er syn oefening goed útturne hie en leger skoart as my. Mar winne is winne."

(advertinsje)
(advertinsje)