Byrol foar Nederlânske twamansbob op WK

23 feb 2020 - 18:34

Bobslider Dennis Veenker is mei piloat Ivo de Bruin 22e wurden op it WK yn Altenberg, Dútslân. Veenker, fan Damwâld, die sneon allinnich de earste runs. Snein waard er ferfongen troch Joost Dumas.

Foto: IBSF

Nei de earste twa runs stie de Nederlânske twamansbob 23e. Nei run 3 op snein wiene se in plakje klom, mar se mochten net mear oan de fjirde run meidwaan. Dy wie allinnich foar de bêste tweintich fan it klassemint en Nederlân stie 22e.

De titel gong foar de sechsde kear op rige nei Francesco Friedrich út Dútslân. Hy wie mei Thorsten Margis yn alle runs de rapste. Yn totaal hat Friedrich al tsien wrâldtitels.

Takom wike is it WK foar de fjouwermansbob, opnij yn Altenberg. Dêr docht de Nederlânske ploech net oan mei, omdat der net genôch fitte bobbers binne.

Trefwurden: 
Dennis Veenker bobsliden
(advertinsje)
(advertinsje)