Jonge taksysjauffeur moat rydbewiis ynleverje nei te hurd riden yn Ljouwert

23 feb 2020 - 17:48

In jonge taksysjauffeur is yn de nacht fan sneon op snein oanholden yn Ljouwert omdat er fierstente hurd ried. Syn rydbewiis is ynnommen.

Foto: ANP

De 18-jierrige sjauffeur waard djip yn de nacht betrape op in snelheid fan 114 kilometer yn de oere yn de Tesselschadestraat. Dêr is 50 kilometer yn de oere de maksimum tastiene snelheid. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

(advertinsje)
(advertinsje)