Femke Kok pakt op slotdei WK junioaren noch twa titels

Femke Kok hat nochris twa titels pakt op it WK reedriden foar junioaren. Op de ploege-efterfolging en de teamsprint makke se diel út fan it Nederlânske team, dat beide kearen goud wûn. De ôfrûne dagen pakte se ek al de allroundtitel en goud op de 500 en 1.000 meter.
© Martin de Jong Fotografie
Op de teamsprint bestie it Nederlânske team njonken Kok (Nij Beets) út noch twa Friezinnen: Marrit Fledderus út Sint-Nyk en Myrthe de Boer út Skarsterbrêge. Se setten in tiid del fan 1.30,60. Dat wie goed twa sekonden rapper as Ruslân en Súd-Koreä, dy't it sulver en brûns pakten.
Kok siet op de ploege-efterfolging yn in team mei Merel Conijn en Robin Groot. De 3.08,73 wie ek dêr folle rapper as de konkurrinsje. Japan waard twadde yn 3.11,83 en Ruslân tredde yn 3.14,32.

Brûns foar Harm Visser

By de manlju wie der brûns foar Harm Visser út De Westereen op de ploege-efterfolging. Mei Jarle Gerrits en Yves Vergeer sette er in tiid del fan 3.55,88. De titel wie foar de Russen, dy't goed trije sekonden rapper wiene. Japan pakte it brûns.
Op de massastart kaam Visser net yn de buert fan de medaljes. Dêrop waard er trettjinde. De Japanner Tsubasa Horikawa wûn it ûnderdiel.