Aris foar it earst nei bekerfinale: "Hier leefden we al heel lang naartoe"

23 feb 2020 - 16:43

"Hier hebben we het over een paar jaar nog over, over deze finaleplaats." De blydskip by Aris-coach Ferried Naciri wie grut, nei't er mei syn ploech yn in thriller te sterk wie foar Den Helder. Dêrmei hellen de Ljouwerters foar it earst yn de kluphistoarje de bekerfinale. "We leefden hier al heel lang naartoe. Dat maakt de ontlading heel groot."

Ferried Naciri:

Aris hie earder de earste heale finale wûn fan Den Helder, mar hie it thús dreech. "Het was niet heel mooi of heel goed", seit Naciri. "We hadden het heel moeilijk, maar we hebben onszelf wel tot het einde in de wedstrijd gehouden." De Belgyske coach hie goede wurden oer foar de tsjinstanner. "Alle complimenten aan Den Helder, ze waren verdedigend heel goed."

Pas yn de slotfaze kaam Aris wat yn de wedstriid. "Toen maakten we een paar schoten, wat de hele wedstrijd niet lukte. Dan kan het snel gaan. Twee driepunters, een tweepunter en wat vrije worpen." En dat wylst Naciri it sûnder twa basisspilers dwaan moast. Dat spilet ek yn de kompetysje mei, want dêryn giet it dit seizoen net hiel goed. "De competitie gaat niet geweldig", jout de coach ta. "We zijn constant geblesseerd. Dit hele seizoen hebben we nog maar twee keer met een compleet team gespeeld, dat heb ik nog nooit meegemaakt."

Als we gezond zijn, dan kunnen we tegen iedereen competitief zijn.

Aris-coach Ferried Naciri

Mei de bekerfinale is it seizoen dochs slagge, fynt er. "Hiermee schrijven we geschiedenis, dat is heel mooi. Ook vandaag, in de belangrijkste wedstrijd van het seizoen, misten we twee basisspelers. Maar als we gezond zijn, dan kunnen we tegen iedereen competitief zijn."

Osaikhwuwuomwan hold fertrouwen

Craig Osaikhwuwuomwan skoarde 16 punten en pakte 19 rebounds. Hy siet der net oer yn, ek net doe't Aris sa min úteinsette. "Ik had geloof in het team. We hielden onze kop erbij. Het belangrijkste is dat we het uiteindelijk weer goed hebben opgepakt. Ik ben gewoon trots, iedereen heeft z'n hoofd erbij gehouden. Uiteindelijk hebben we het afgemaakt, daar gaat het om. Naar het begin kijk ik niet meer."

Craig Osaikhwuwuomwan:

Doe't Torben Tonjann yn de slotfaze Aris mei in trijepunter nei 65-66 skeat, wie Aris firtueel wis fan in finaleplak. "Na dat drietje wist ik het zeker", seit Osaikhwuwuomwan. Se hiene it benammen dreech mei Michael Miller, dy't 23 punten skoarde. "Hij was een pain in the ass voor ons, we moesten hem afstoppen. Dat is niet gelukt, maar de rest wel. Daardoor gaan we met de winst naar huis, en niet zomaar een winst."

De Ljouwerters nimme it op 29 maart op tsjin Donar. De bekerfinale is yn de thúsbasis fan Donar, MartiniPlaza yn Grins. De Grinzers binne favoryt, mar Osaikhwuwuomwan leaut yn in stunt. "Er is altijd een kans. We hebben laten zien dat we ook met de top meekunnen. Dat hebben we laten zien tegen Leiden, ook tegen Donar."

(advertinsje)
(advertinsje)