Tennisser Arends pakt titel yn Koblenz

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat it dûbeldtoernoai fan Koblenz wûn. Mei syn maat David Pel wie er yn de finale fan de Koblenz Open mei 7-6 en 7-6 te sterk foar it Dútske duo Yannick Maden en Julian Lenz.
Sander Arends en David Pel yn Koblenz © Frans Arends
Arends en Pel wiene as earste pleatst by it challengertoernoai yn Koblenz en dy favoriterol makken se wier. Beide duo's waarden wol twa kear brutsen op de service, mar de twa sets rûnen dochs út op in tiebreak. De earste wie mei 7-4 in proai foar Arends en Pel, de twadde mei 7-3.
It is de earste toernoaiwinst fan Arends yn 2020.