Grutte ferskillen yn wynkrêft yn Fryslân: wat súdliker wat hurder oft it waait

23 feb 2020 - 13:31

Wylst de meldkeamer yn Drachten helpt mei stoarmmeldings út it suden fan it lân binne der ek opfallend grutte ferskillen yn wynkrêft yn ús eigen provinsje dizze snein.

Foto: KNMI

By Starum waaide it om 13.00 oere 17 meter de sekonde; in wynkrêft 7. En dat wylst der op dat stuit op Skylge sa goed as gjin wyn metten waard. En de wyn nimt ta hoe fierder oft je de Iselmar opfarre rjochting Amsterdam.

By De Lemmer is in skip yn de problemen rekke, melde de helptsjinsten. Fan it súdwesten fan Fryslân rjochting it noardeasten nimt de wyn hurd ôf.

Hurde wyn - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Trefwurden: 
wynkrêft ferskil
(advertinsje)
(advertinsje)