Dedden wint yn Luleå lêste KPN Grand Prix, Kamminga pakt einoerwinning

23 feb 2020 - 13:13

Reedrydster Ineke Dedden fan It Hearrenfean hat snein de sechsde en lêste KPN Grand Prix-wedstriid wûn. Manon Kamminga wûn lykas ferwachte it einklassemint.

Manon Kamminga oer de winst yn it einklassemint:

Yn de wedstriid oer 100 kilometer op it Sweedske natueriis yn Luleå ûntstie al gau in kopgroep fan trettjin. Janneke Elzinga, Loesanne van der Geest, Ankie Ytsma út Ljouwert, Iris van der Stelt, Sandra Dekker en Ineke Dedden fan It Hearrenfean slaggen deryn de hiele tiid foaroan te bliuwen.

Yn de sprint wie Dedden, dy't yn 2017 de titel op it iepen NK op natueriis op de Weissensee helle, krekt wat rapper as Ytsma. Van der Stelt kaam as tredde oer de finish.

Ineke Dedden wint yn Luleå sechsde en lêste wedstriid KPN-grand prix - Foto: Timsimaging.nl

Earder fan 'e wike wiene der ek al twa GP-wedstriden yn Luleå. Beide wedstriden waarden wûn troch Manon Kamminga. Tongersdei fersloech se Merel Bosma en Lisanne Buurman yn de massasprint en sneon liet se yn de sprint Van der Stelt en opnij Bosma achter har.

De 27-jierrige Kamminga wûn dit seizoen fjouwer GP-races. Yn de lêste race einige se as njoggende, wat genôch wie foar de einoerwinning.

Hoogeveen op it poadium

By de manlju gie de winst yn de lêste wedstriid nei Evert Hoolwerf. Fries om utens Jouke Hoogeveen waard twadde. It einklassemint wie in proai foar Crispijn Ariëns, dy't yn de lêste wedstriid tredde waard.

(advertinsje)
(advertinsje)