Sterk begjin foar sylsters op WK, Bouwmeester fyfde yn klassemint

23 feb 2020 - 12:39

De Fryske sylsters binne it WK Laser Radial yn de Australyske stêd Melbourne goed úteinset. Marit Bouwmeester út Warten stiet nei de earste dei op it fyfde plak yn it klassemint en Mirthe Akkerman út Akkrum op plak 7.

Yn de baai fan Melbourne koe snein op de earste WK-dei fanwege de wyn mar ien wedstriid syld wurde. De wrâldkampioenskippen Laser Radial-silen duorje noch oant en mei freed. Woansdei begjinne de finalewedstriden.

Marit Bouwmeester op it WK yn Melbourne - Foto: Jon West Photography
(advertinsje)
(advertinsje)